Rein soarget foar wetteroerlêst yn mfc It Harspit yn Toppenhuzen

19 aug 2019 - 14:08

Multyfunksjoneel sintrum It Harspit yn Toppenhuzen hat flink wat wetterskea troch it wiete waar fan de ôfrûne dagen. In ynterne ôffierpiip foar it himelwetter is begûn te lekken tusken it plafond en it kantoar.

It wetter is oer de lûdsynstallaasje hinne gien en feroarsake dêrtroch in stroomsteuring. In profesjoneel bedriuw is yntusken begûn mei it drûgjen fan de muorre, de flierbedekking en de lûdsynstallaasje. Dêrnei kin sjoen wurde wat der noch brûkt wurde kin.

Foto: www.topentwelonline.nl

Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach mei behearder Anne Visser yn it wiete gebou

(Advertinsje)
(Advertinsje)