Wetterskip bestriidt 'eksoat' wettercrassula: "Gooi geen planten in het oppervlaktewater"

19 aug 2019 - 13:38

Tonnen binne al stutsen yn de bestriding fan de wettercrassula, mar it agressive woekerplantsje komt hieltyd werom. Op Skylge drigen de ynheemske soarten smoard te wurden, mar ek op oare plakken yn Fryslân komt de wettercrassula foar.

"Het is een exoot, hij hoort hier dus niet thuis en heeft geen natuurlijke vijanden. Ons systeem kan er niet mee samenleven. De plant kan snel groeien en overwoekert alles wat voor problemen zorgt", fertelt Flora Rozenbrand fan Wetterskip Fryslân. "We zien op Terschelling dat het niet zomaar is opgelost, om het goed te bestrijden moet je een meerjarenplan hebben."

Op Skylge kaam in jier lyn in grutte bestridingsaksje op gong, mei it ôfgraven fan grûn en it fuortpompen fan wetter. Dat like earst goed te gean, mar dochs komt de wettercrassula werom.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Flora Rozenbrand fan Wetterskip Fryslân

De plant komt ek foar yn Balk, Easterwâlde, Feanwâlden en yn de Grinzer Pein. "We zien dat de plant het goed doet op zandige ondergronden, maar kan hij eigenlijk overal groeien. In Balk bestrijden we met heet water, we koken de plant eigenlijk kapot. We bekijken per locatie wat het beste werkt."

Ferbod of oprop

It leafst seach se in ferbod op de wettercrassula, mar soks moat op Europeesk nivo yn Brussel regele wurde. "Dan zou die niet meer verkocht kunnen worden."

Se hat wol in driuwende oprop: "Gooi geen planten in het oppervlaktewater vanuit je vijver of aquarium."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)