TT-bankje yn Starum is stikken: "Lijkt wel of er een tyfoon overheen is gegaan"

19 aug 2019 - 13:06

De 'Stiennen Bank' yn Starum is ferline wike stikken rekke. De rêchleuning is der hast hielendal ôf. De ynwenners fan Starum binne ferbjustere, mooglik is it mei opsetsin dien.

It bankje is opboud út swiere basaltstiennen dy't op elkoar mitsele binne. Earder is de bank ek alris beskeadige, mar it liket no wol in ruïne. De 80-jierrige Jan Visser fan Starum is bot skrokken. "Het viel me raar tegen. Er ontbrak weleens vaker een steen en door vervallen metselwerk rolde er weleens een steen af, maar nu lijkt het wel of er een tyfoon over heen is gegaan. Dit is te bar."

TT-bankje

It bankje mei de namme TT is neamd nei de eardere wethâlder Teake Tiemes en is der yn 1932 kommen. Boer en letter wethâlder Tiemes soarge dêr nei syn pensjoen foar. "Half Staveren maakte een ommetje, vaak op zondag, langs de Omweg, dus daar moest een bankje komen." By de bou fan de Ofslútdyk wienen noch wol wat stiennen oer en dêr is it bankje fan makke.

"We hebben hier als kinderen veel gespeeld, dan maakten we hutten in het riet. Later fietsten we erlangs en gingen we ook wel even zitten. Maar er zaten ook wel gezinnen met kinderen. Ik ben er erg aan gehecht. Het zit er noflik, zo in de zon en uit de wind."

Hoe komt dit sa?

Hoe't de bank sa skansearre rekke is, is net bekend. "Het zou door de harde wind kunnen komen, het heeft wel flink gewaaid. Of misschien is er sprake van verval? Dat kan ik me bijna niet voorstellen. Misschien is het baldadigheid geweest, dat is wel vaker gebeurd. Dan konden ze er met hun handen niet vanaf blijven, kijken hoe sterk je bent."

It bankje moat opknapt wurde fynt Visser. "We hebben een rijke gemeente. Dit moet behouden blijven. Het is geen monument, maar die status heeft het bijna."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei de 80-jierrige Jan Visser

Trefwurden: 
Starum bankje
(Advertinsje)
(Advertinsje)