Faunabeheereenheid: "Bist oanriden? Meld it altyd by de plysje"

It tal oanridingen mei bisten nimt lanlik hieltyd mear ta. Yn Fryslân kin de Faunabeheereenheid ek fernimme dat de oanridingen faker foarkomme. Alle oanridingen wurde sa goed as mooglik byhâlden, en dat is wichtich, seit skriuwer Robert de Vries fan Faunabeheereenheid: "Dan kinne wy sjen wêr't wy yn aksje komme moatte."
Faunabeheereenheid oanriden bisten
De Faunabeheereenheid besiket alles yn kaart te bringen hokker bisten op hokker plakken deariden of oanriden wurde. Gebieten dêr't in soad bisten oanriden wurde binne de Súdwesthoeke en East-Fryslân.
"Dat binne sângebieten, dêr de measte reeën sitte, mar wat wy sjogge is dat dizze bisten ek oan it evaluearjen binne. We hawwe no ek in fjildree yn Fryslân en dy fielt him ek thús yn de iepen greide en sûnt dy tiid binne se eins ferspraat oer de provinsje".
Jierliks binne der sa'n 500 oanridings mei reeën.
Ferkearsboerd dat warskôget foar oerstekkend wyld © ANP

Oplossings

Foarkomme is better as genêze, stelt De Vries. "As je dit probleem oanpakke wolle, dan moatte je dy plakken en diken oanpakke dêr't de measten ûngelokken barre. Dat freget de provinsje ek fan ús: bring dy oanridings yn kaart. Wy besykje safolle mooglik oan previnsje te dwaan, troch de diken goed yn te rjochtsjen en feilige oerstekplakken te meitsjen. Fansels sette wy ek ferkearsbuorden del om omtinken te freegjen foar oerstekkend wyld."
Op de Feluwe bestiet in ferkearsboerd dat opljochtet as der in ree yn de buert is. "Mar dat is fansels in hiele kostbere saak, dus dat is in minpunt."

Ree rekke?

Wat moatte je dwaan as je in ree reitsje? "Wat je altyd dwaan moatte is der melding fan meitsje by de plysje", leit De Vries út. "En it moaiste soe wêze at it ek registrearre wurdt by de Faunabeheereenheid, oars kinne wy it tal oanridings net ynsichtlik meitsje. Der binne ek minsken dy't it deade bist yn de auto meinimme. Dy tinke: lekker stikje fleis. Mar in bist dat skrikt, dat leveret no net bepaald it lekkerste fleis op. Wy wolle hiel graach dat minsken it oan ús trochjouwe, want dan kinne wy ek sjen wêr't wy yn aksje komme moatte."
Oanriden reeën yn 2019 (kaart Fryslân) © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Robert de Vries fan Faunabeheereenheid