Jan de Roos: "Ik ha neat te krijen mei it ynstoarten fan it AZ-stadion"

19 aug 2019 - 12:38

Jan de Roos fielt him ûnterjochte oanfallen foar it ynstoarten fan in diel van it AFAS-stadion fan AZ. De Roos wie by de bou ferantwurdlik foar de montaazje fan it stadion en hat neat te krijen hân mei it lassen en slypjen. "Wy binne as it 'ware' legobouwers. Wy krije tekenings en wy krije de materialen oanlevere. Dy sette we dêrnei yn elkoar. Ek wurdt dit troch meardere partijen kontrolearre en alles wie yn oarder."

Foto: ANP

"Wy steane bûten dit hiele ferhaal. Wy binne grutsk op al it wurk dat we dien hawwe", lit De Roos witte. Jan de Roos Lemmer BV. is sûnt 2014 fallyt en De Roos baalt derfan dat syn namme no troch de media neamd wurdt as ien fan de ferantwurdliken foar it ynstoarten fan it dak.

Ek wurdt syn namme neamd by it ynstoarten fan in parkeargaraazje yn Wormerveer, dêr't it bedriuw by de bou belutsen wie. Mar ek dêr hat Jan de Roos allinnich de ferskillende ûnderdielen yn elkoar setten. Dêr wiene gjin problemen, hat nei ûndersyk bliken dien.

(advertinsje)
(advertinsje)