Mear sydynstreamers by de pabo: ûnderwiis is wiis mei dizze groep

19 aug 2019 - 12:28

Mear minsken út in oar berop wei wolle foar de klasse stean yn it Fryske basisûnderwiis. It oantal saneamde sydynstreamers by de pabo-opliedingen fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert is yn in jier tiid mear as ferdûbele.

Underwiis - Foto: Shutterstock.com

Dat is goed nijs foar it basisûnderwiis, want de krapte op de arbeidsmerk nimt noch altyd ta. It wurdt hieltyd dreger om nije masters en juffers te finen. De hegeskoalle is wiis mei dizze minsken.

"Het gaat om mensen met een hbo- of wo-opleiding die uit een andere sector de overstap willen maken. Vaak komen ze wel uit een onderwijsgerelateerde omgeving zoals pedagoog sociaal werk of de jeugdhulpverlening. Het is een fors traject dat ze moeten afleggen voordat ze de lesbevoegdheid krijgen", fertelt Jantine Kuijpers fan NHL Stenden.

It ferskil mei de gewoane oplieding is dat de sydynstreamers al fan de earste dei ôf oan it wurk binne op in skoalle. "Ze leren direct al in de praktijk, de school neemt de persoon ook in dienst."

Dit trajekt rint no in jier en de ûnderfining is posityf. "Mensen vinden dat ze zinvol bezig zijn, maar geven ook aan dat het een zwaar traject is. Vaak doen ze het naast hun gezin." Ek it ûnderwiis is wiis mei dizze groep. "Docenten geven aan dat ze meer levenservaring met zich meebrengen."

Jantine Kuijpers fan NHL Stenden

Lanlik sit der ek flinke groei yn. Neffens de sifers fan de pabo's binne der goed 1.000 sydynstreamers by kaam.

(advertinsje)
(advertinsje)