Fersakkings nei oanpak rioel

05 jul 2012 - 16:22

By in grutte groep bewenners fan de Camperstrjitte yn Ljouwert sakket de flier fuort no't de gemeente in bettere riolearring oanlein hat yn de strjitte. Dêrtroch is de eardere wetteroerlêst foarby, mar lûkt it wetter no ek ûnder de huzen wei. De flierren fersakje dêrtroch. De bewenners hoopje dat de gemeente de skea fergoedzje wol.

Se binne bliid dat de problemen ferholpen binne, mar no is wol dúdlik hoefolle skea der ûntstien is troch de jierrenlange wetteroerlêst. De gemeente wie net berikber foar in reaksje.

(advertinsje)