Fertochte man naait út op in stellen skelter

19 aug 2019 - 11:24

It moat in bysûnder gesicht west hawwe moandeitemoarn op de Balistrjitte yn Ljouwert. Om sân oere hinne skarrelen dêr twa fertochte persoanen om by in wenning. Doe't der nei harren raasd waard, besocht ien fan de fertochte persoanen op in skelter fan bern út te naaien.

Dit is net de fertochte út Ljouwert - Foto: Shutterstock

De tsjûge draafde efter de 19-jierrige 'strjitracer' oan en koe de man eintsjebeslút gripe. De fertochte besocht noch wol in kearke út te naaien, mar hy koe úteinlik oerdroegen wurde oan de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)