Grouster restaurant De Vrijheid stiet te keap

19 aug 2019 - 11:08

Restaurant De Vrijheid oan de Pikmar yn Grou stiet te keap. De eigeners wolle it bedriuw op in oar, lytser plak trochsette. Troch in oare formule fan wurkjen ha se minder romte nedich as no oan de Seinpôlle.

Foto: Google Street View

Der wurdt noch socht om in nije lokaasje yn de buert fan Grou. It âlde gebou kin op 'e nij brûkt wurde foar hoareka, mar soe nei bestimmingsplanwiziging ek geskikt wêze kinne foar permaninte bewenning.

Restaurant De Vrijheid stiet al jierren yn ferneamde yt-gidsen as Lekker top 500 en Michelin.

Trefwurden: 
Grou restaurant De Vrijheid
(advertinsje)
(advertinsje)