Fytstocht oer Ofslútdyk bringt mear as 70.000 euro op foar goed doel

19 aug 2019 - 09:48

De IJsselmeer Challenge fytstocht oer de Ofslútdyk hat snein mear as 70.000 euro opbrocht foar Fonds Gehandicaptensport.

Foar de tredde edysje fan dizze tocht wie de dyk spesjaal wer iepensteld. Der diene 1.200 fytsers mei oan de toertocht. De Challenge wurdt organisearre troch NL Tour Rides. De opbringst is 30.000 euro mear as de foarige kear.

"Fantastisch om te zien dat er ook dit jaar weer meer enthousiaste deelnemers aan de start stonden," seit Nike Boor, direkteur fan Fonds Gehandicaptensport. "Wij zijn trots dat vele deelnemers actief donaties hebben opgehaald. Met de donaties gaan wij onder andere lokale sportverenigingen ondersteunen in het opstarten en uitbreiden van sportaanbod voor mensen met een handicap."

Foto: Fonds Gehandicaptensport
(advertinsje)
(advertinsje)