Opbou Psy-fi yn Ljouwert is begûn; festival rjochtet him op wittenskip

Oer it festival Psy-fi hat yn it foar ek dit jier in soad te dwaan west, mei rjochtsaken fan tsjinstanners, mar de opbou fan it festival yn it Ljouwerter Griene Stjergebiet is dizze moandei gewoan begûn.
Opbou Psy-Fi yn Ljouwert
It festival hat in zero-tolerancebelied wat drugs oangiet. Dat is neffens Wiebe Kootstra fan de organisaasje gjin probleem. "Us besikers brûke wol, mar dat giet om saneamde downers, dat is legaal spul. Op de briefing mei de befeiligers is dat ek allegear trochnaam."
Hy ferliket it festival mei Woodstock dat dit jier 50 jier lyn hâlden is. "Dat wie ek hiel gemoedlik en dat is it by ús ek. We ha nul agressy. Minsken komme oer de hiele wrâld wei, der binne wol mear as hûndert nasjonaliteiten, mar elk giet hiel freedsum mei elkoar om."
Mei it tema 'Seed of Science' rjochtet it festival him dit jier mear op de wittenskip. Neist de ferskate muzykpoadia binne der ek lêzingen, wêrûnder ien fan in wrâldferneamde wittenskipper oer flearmûzen. "Natuer is belangryk foar ús, alle produksje giet op werbrûkte brânstof."
Psy-fi-festival © Omrop Fryslân
Bauke Deelstra praat mei Wiebe Kootstra (1)
De muzyk fan it Psy-fi festival wurdt GOA neamd. Wiebe Kootstra leit út dat wat krekt is. "De dj draait in oere, besikers meitsje in reis mei, fan it begjin oant de ein fan it festival. Der wurde gjin nûmers fan trije minuten draaid en dan wer in oar plaatsje, mar it is elektroanyske dancemuzyk mei in beat."
Der binne ferskillende poadia. "Op it haadpoadium is der mainstream, yn de Chill Out is de muzyk wat rêstiger en op de saneamde Freak Floor komt it alternative, mear eksperimintele oan bod."
It festival stekt in soad enerzjy yn de oanklaaiïng en de útstrieling. "It is in belevenis foar de besikers." Wat makket Psy-fi no sa moai? "It ferskaat oan minsken en de gemoedlike sfear" beslút Kootstra.
Bauke Deelstra praat mei Wiebe Kootstra (2)
Psy-fi is fan 28 augustus oant en mei 1 septimber.