Kollum: "DDR"

"It moaie fan mei fakânsje wêze is net allinnich dat je nije dingen sjogge, âlde dingen opnij besjogge, mar ek dat je nije minsken moetsje. Guon campingbuorlju wurde sels tydlik freonen. Dat hienen wy ferline jier mei in stel Dútsers. We kamen neist elkoar te stean op in campinkje yn it suden fan Sicilië, ús dochters like âld.
© Omrop Fryslân
De toan fan Nynke Sietsma
Wy en it Dútske stel dielden ús libbens en diene dat mear as twa wiken lang. We skoden ús campingtafels tsjin mekoar foar it iten. Sy fertelden oer it libben yn in grutte Dútske stêd dêr't de hûzen hast net mear te beteljen binne, ek al wurkje je allebeide, en wy oer ús libben, krekt fuort út Den Haag, dêr't de hûzen ek net mear te beteljen binne.
Sy hie smoute ferhalen oer Berlyn, dat se foar him ferlitten hie, dêr't se yn in rûge huorrebuert wenne, mar har altyd feilich fielde omdat de poaiers, har buorlju, har beskermen.
We hienen it oer wurk, hy 70 oere yn de wyke bealgje yn de polityk foar in leech salaris en sy hie in goeie baan by in grut automerk, mar omdat se dêr net part-time wurkje koe, doe't se bern krigen hiene, wie se ophâlden. We hienen it oer it grutbringen fan ús bern en dat it sa fluch giet, foar't je it witte, ride se de strjitte út. Oant no ta lieken ús libbens ynwikselber. Foaral sy en ik lieken op elkoar. Der wie hast gjin ferskil.
Oant it oer ús bernetiid gong. Doe kantele it. Want ik wie yn folsleine frijheid opgroeid yn in Fryslân dêr't ik nei skoalle troch de fjilden draafde en op in Jenaplanskoaltsje siet dêr't we net iens húswurk hoegden te meitsjen. We boarten wat ôf en hienen net folle ferplichtings. En sy wie oan de ferkearde kant fan De Muur opgroeid, yn de DDR.
Ik bin fan '80, sy is fan '79. We skele mar in healjier, mar har âlden mochten net studearje. Har mem moast ferplicht wurkje, sadat sy as lyts famke har broerke fan de opfang helje moast. Mei in hûskaai om har nekke rûn se dan nei in leech hûs. Se moast ferplicht Russysk leare, en marsjearje. Boartersguod út it Westen mocht net, se mochten allinnich houten boartersguod en oar sober spul. Se moast leare om yn de tún te wurkjen en te naaien.
Har heit en mem diene in flechtpoging oer in grutte rivier, dy't mislearre. Doe't De Muur fallen wie, koene har heit en mem einlik dwaan wat se sels woenen en begûn har heit einlik mei studearjen, neist syn wurk. Sadwaande seagen se elkoar net folle.

Sels ferhûze sy foar har stúdzje nei Berlyn, hûnderten kilometers fierderop. Sa hie de situaasje yn Dútslân derfoar soarge dat se har heit en mem net faak by har side hân hie. En no wie se sels mem. Se woe sa folle mooglik by har eigen bern wêze. Se hie pikefel doe't se fertelde. Ik ek.
Ik frege oft se der fertriet om hie, dat it sa gong wie. Nee, sei se. It wie sa. Se koestere gjin wrok oer de lieders út dy tiid. Dat fûn ik hiel knap fan har.
De folgjende moarn fytsten we tegearre nei it fiskersdoarpke fierderop en ieten we pystasj-iis. We sieten op in stiennen muorke en foar ús sprongen hûnderten lytse kikkerts oer it strân. We wiene wer yn it no. Ús libbens floeiden wer yn elkoar oer, as wie der gjin ferskil."