A Guide to Leeuwarden lûkt yn seis jier hast 50.000 besikers

Yn it seisjierrich bestean fan A Guide to Leeuwarden ha gidsen al hast 50.000 minsken troch de Fryske haadstêd laat. Op 17 augustus 2013 joech Henk Leutscher de earste Free Tour yn Ljouwert.
© A Guide to Leeuwarden
Oprjochter Henk Leutscher wie seis jier lyn ynspirearre rekke troch stedskuiers yn grutte wrâldstêden. "Ik dacht Leeuwarden is misschien geen grote wereldstad, maar wel een mooie stad, dus dat kan hier ook!" Ljouwert waard nei Amsterdam en Utrecht de tredde Nederlânske stêd mei in Free Tour.
Al gau waard it in sukses en kamen der mear gidsen, der binne no tsien, en oare kuiers by lykas tematyske toers as de Street Art Tour, de 11stegentocht en de Mata Hari Tour. Ek kamen der Dútsktalige gidsen en is it ek mooglik om in priveetoer te boeken.
Ferslachjouwer René Koster krijt 'A Guide to Leeuwarden'
Ferslachjouwer René Koster krijt 'A Guide to Leeuwarden' (diel 2)
Alle tiisdeis oant en mei sneons binne der iepenbiere Free Tours.