Sjerp Jaarsma hâldt ynrinmiddei om plan Sybrandy's ta te ljochtsjen

Undernimmer Sjerp Jaarsma presintearret dizze moandei syn plannen mei Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum. Syn plannen moatte it park rêde, want earder waard al bekend dat it attraksjepark de doarren definityf slute sil.
Sjerp Jaarsma by de Sky Ride © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Jaarsma, eigener fan strânpaviljoen De Hege Gerzen yn Aldemardum, wol alle attraksjes opkeapje en ferpleatse nei syn terrein. Op De Hege Gerzen is dizze dei in ynrinmiddei foar belangstellenden en partijen dy't mooglik oan it plan meiwurkje sille. Hy hopet dat It Fryske Gea ek komt.
De natuerorganisaasje hat earder oanjûn beswier te hawwen tsjin it plak. "Ik begryp dat net, want yn har belied stiet dat se wolle dat minsken de natuer belibje kinne", fertelt Sjerp Jaarsma. "En dat wol ik ek. Ik ha in idee om natueredukaasje oan te bieden. Dêr ha ik in hektare foar beskikber en soe graach help ha wolle fan It Fryske Gea om dat yn te rjochtsjen. Bern kinne leare oer it ûntstean fan it klif en de kwetsbere natuer."

Staazje

Sjerp Jaarsma hat ôfrûne freed staazjerûn by Sybrandy's. "Ik ha in dei meidraaid om yn de praktyk te sjen hoe't it wurket. Dat is my bot tafallen. En ik ha mei it personiel praat. Guon minsken wurkje der al tsien jier en se ha noed dat se har baan ferlieze. Noch in wike is it park iepen en dan steane al dizze minsken op strjitte. Der geane njoggentjin arbeidsplakken ferlern en dat lûk ik my bot oan."
Sjerp Jaarsma