Plysje hâldt twa bestjoerders ûnder ynfloed fan drugs oan

19 aug 2019 - 06:13

De plysje yn Ljouwert hat snein yn de Humilitasstrjitte in 28-jierrige bestjoerder oanhâlden om't de man mei twa glêde bannen ried. Doe't de plysjes de bestjoerder oansprutsen, krigen se al gau yn de gaten dat er ûnder ynfloed wie.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Ut in test die bliken dat de man mei drugs op efter it stjoer siet. Der is proses-ferbaal opmakke en de man krige in rydferbod fan 24 oeren.

In 36-jierrige automobilist út Marrum is snein oan de kant set op de Brédyk yn Stiens. De man hie ûnder oare kokaïne brûkt. Hy krige in rydferbod fan 24 oeren en der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drugs
(advertinsje)
(advertinsje)