Plysje is dieders fernielde Amelanner Lifeguards-auto op it spoar

19 aug 2019 - 06:09

De plysje op It Amelân wit wa't de auto fan de Lifeguards yn Nes op It Amelân fernield ha. Fia tsjûgen is de plysje de dieders op it spoar kaam.

Skea oan KNRM-auto - Foto: Twitter KNRM

Yn de nacht fan sneon op snein waard in auto fan de Lifeguards fan de KNRM fernield. "Bijzonder ongewenst, omdat ons voertuig stand-by moet zijn voor levensreddende inzet. Hopelijk willen de daders zich melden, zodat we dit netjes kunnen afhandelen", skreau de KNRM earder op Twitter.

(advertinsje)
(advertinsje)