Stefan van der Pal: "Eerste training Elfstedenzwemtocht was zwaar, maar ik heb een goed gevoel"

18 aug 2019 - 22:57

De Ljouwerter ultra-atleet Stefan van der Pal is skjin oan ein, mar hâldt in goed gefoel oer oan syn earste serieuze lange swimtraining foar syn Alvestêde-swimtocht. Takom jier wol hy lykas Maarten van der Weijden de Alvestêdetocht swimme om sa jild yn te sammeljen foar de striid tsjin kanker.

Sneontemoarn om 10 oere dûkte Van der Pal yn Ljouwert by syn hûs yn it wetter foar in tocht hinne en wer nei Sleat. It doel wie om 32 oeren lang te swimmen. Snein om eksakt seis oere jûns kaam hy it wetter út. Folslein oan ein mar mei in goed gefoel.

Stefan van der Pal yn it wetter - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Psychysk swier

Stefan van der Pal hat mei dizze trainingstocht hast santich kilometer swommen Allinnich yn Snits moast er in stik oan board fan it folchskip, om't se oars foar in tichte brêge lizze soene. Van der Pal is tefreden, al is hy himsels yn it begjin goed tsjinkaam: "Het begin was erg moeilijk. De eerste tien uren dan. Er spookte van alles door m'n hoofd. Ik dacht na over het team, het eten, Wat moet ik nou? Over het roulatiesysteem voor begeleiding, dat ik het niet zou halen, dat ik maar op moest geven..."

Van der Pal hat in soad ûnderfining mei dit soarte fan útdagings. Sa rûn hy ûnder oaren de Alvestêde-Ultrarun: "Die ervaring leert dat het allemaal goed komt. Dat je gewoon veel geduld moet hebben. Ik heb ook nog nooit zo ver gezwommen."

Er spookte van alles door m'n hoofd. Ik dacht na over het team, het eten, Wat moet ik nou?

Stefan van der Pal

Sliepend swimme

Nei't alles in plak krigen hat yn syn holle kin Van der Pal no ek genietsje: "Twee keer het Slotermeer over. Echt prachtig bij nacht. En mooie golven, echt super. Ik ben echt tevreden eigenlijk." Van der Pal kaam der ek achter dat de sliep samar taslaan kin. "Op een gegeven moment viel ik half in slaap tijdens het zwemmen. Ik zwom zo het riet in. Toen moest ik maar even liggen, twintig minuten. Daarna ben ik nog een keer misselijk geweest. Het zal een combinatie geweest zijn van dat wat je eet en wat je aan water binnen kunt krijgen. Ik heb even gerust en daarna ging het weer goed."

wer op it drûge - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Stefan van der Pal

"Testen, testen en testen"

No't Van der Pal wer oan wâl stiet yn Ljouwert, kin er rêstich neitinke oer wat der allegear nedich is foar sa'n meunstertocht fan 200 kilometer. Dat wie ek it belangrykste doel fan dizze tocht. Van der Pal en syn team wolle goed op inoar ynspile wêze as hy takom jier oan syn tocht begjint.

"Ik zie heel erg veel positieve punten maar er is nog genoeg om over na te denken", sa seit Van der Pal. "Ik heb nog een jaar. Dat is meer dan genoeg tijd. Als het eten maar goed geregeld is. De afstand maakt niet zoveel uit. Of het nou 72 kilometer is of 150. We moeten in ieder geval veel testen, testen en testen."

Van der Pal rint al in oantal jierren om mei it idee foar in swimtocht by de alve stêden del. Hy swom de tocht yn estafettefoarm al earder yn 2011. Om him goed ta te rieden hat hy yn syn garaazje in spesjaal swimbad pleatse litten, in saneamd 'endless pool'. Dêr kin hy tsjin in straalstream yn lange einen swimme. Mear ynformaasje oer Stefan van der Pal en syn swimtocht is te finen op www.stefanvanderpal.nl

(advertinsje)
(advertinsje)