Dylan Drent oer skorsing: "Belachelijk, KNKB houdt zich niet eens aan eigen regels"

18 aug 2019 - 22:09

Keatser Dylan Drent fan Harns wol neat loslitte oft er yn berop giet tsjin de skorsing fan twa wedstriden, oplein troch it keatsbûn KNKB. Dat waard snein dúdlik nei ôfrin fan de keatserij yn Kimswert. Mar dat er oandien is troch dizze straf, is sa dúdlik as wat. "Ik vind het belachelijk."

Drent die yn july mei oan in strjitkeatswedstriid yn Ljouwert, wylst er as haadklasser neffens de KNKB-regels yn Easterein wêze moast. Yn Easterein wie in troch-elkoar-lotsjen-partij. Drent en in oantal oare keatsers wiene dêroer yn it foar mei in mailtsje warskôge. Drent keatste dochs yn Ljouwert en wûn de Horecapartij op it Aldehoustertsjerkhôf. It bûn beslute om Drent twa wedstriden te skorsen. As de keatser dêr net tsjin yn berop giet, kin er net meidwaan oan de keatspartij yn Bitgum, in partij dy't gjin keatser misse wol.

"Belachelijk"

Dus giet hy grif yn berop, al wol hy dêr sels neat oer loslitte noch. "Laat ze maar even nadenken, bij de KNKB," seit er earst koart. Mar nei wat oandringen, lit Drent mear los oer syn fisy op dit beslút. "Ik vind het belachelijk. Kijk ik weet ook wel dat ik fout zit, want ik heb me niet aan de regels gehouden. Al wist ik oprecht niet dat ik geen door elkaar loten mocht missen. Dat wist ik dus niet, maar vervolgens geef ik mij op en krijg ik dinsdag een mail van de KNKB, na de aanmeldingstijd met de mededeling dat ze niet willen dat ik zaterdag kaats, want dan krijg je een schorsing. Laat het mij dan die maandag weten, zodat ik me nog op kan geven, want als liefhebber ga ik natuurlijk niet een heel weekend niet kaatsen."

argyffoto Dylan Drent (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân, Koos Wieling

Strjitkeatser

"Ik ben begonnen als straatkaatser en een van mijn doelen was om de straatkaatspartij in Leeuwarden ooit te winnen. Ik kreeg nu de kans om mee te doen aan dit partuur en dus ik dacht: ik ga ervoor." En net sûnder resultaat, want syn partoer mei Kevin Jaarsma en Kees van der Schoot wûn de keatspartij mei klasse en Drent waard útroppen ta kening. Gefolch is lykwols dat syn skorsing no wol stiet.

"Alsof ik iemand vermoord had"

"Dan zit je bij die strafcommissie en dan lijkt het wel alsof je iemand vermoord hebt. Ze zitten daar met vijf man en boekwerken erbij en alles. En dan denk ik: dan zit je daar als liefhebber, terwijl de KNKB zelf ook haar eigen regels niet naleeft. Want in Berltsum mogen acht jongens kaatsen met een afgekeurde handschoen. En dat is dan wel een hele andere zaak, maar dan denk ik : jullie houden jezelf niet eens aan de regels, hoe kun je van andere mensen dan wel vragen om zich aan diezelfde regels te houden? Bovendien: als de KNKB zo graag wil dat wij bij door elkaar loten aanwezig zijn, waarom bestaat mijn straf dan uit het niet kaatsen op een door-elkaar loten partij?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)