Aktrise Inez Timmer oer doku Woodstock: "Wat opfalt is dy frijheid sûnder mobile tillefoans"

18 aug 2019 - 21:05

Woodstock, foar de âldere muzykleafhawwer in histoarysk moment. Dit wykein is it krekt 50 jier lyn dat dit festival mei in heal miljoen besikers plakfûn by New York. Snein koenen minsken yn 125 bioskopen yn Nederlân werom yn 'e tiid. De Oskarwinnende dokumintêre fan hast 4 oeren waard fertoand. De grutte seal fan filmhûs Slieker wie gau útferkocht.

Woodstock - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Woodstock waard organisearre troch de twintiger Michael Lang. Hy rekkene yn trije dagen op 200.000 besikers, der kamen lykwols sa'n 500.000 minsken op ôf. De diken om it terrein hinne rekken ferstoppe. Dochs ferrûn it festival goed en markearre it in kearpunt yn de muzykskiednis.

Woodstock wurdt wol de mem fan alle festivals neamd. Op it evenemint spilen grutte nammen as The Who, Santana, Janis Joplin en as lêste akt Jimi Hendrix. Doe't hy spile wie it grutste part fan it publyk al nei hûs.

Folle seal by Woodstock - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Film fol nostalgy

"Woodstock is voor mij persoonlijk een ommekeer geweest", sa fertelt in froulik besiker. "Ik denk voor de meeste mensen wel . In de zeventiger jaren werd alles anders. Er was een vrijere opstelling. Deze film brengt mij terug in die tijd."

Koest lekker yn de modder en koest dy kompleet konsintrearje op de muzyk sûnder dat der wat tusken sit.

Inez Timmer, aktrise
Woodstock - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Wat my foaral hiel bot opfalt, is wat foar frijheid der wie sûnder dy mobile tillefoans", fertelt aktrise Inez Timmer. "Koest lekker yn de modder en koest dy kompleet konsintrearje op de muzyk sûnder dat der wat tusken sit. En dy enorme optimistyske en positive sfear dy't der wie, de geweldige muzikale prestaasjes. Mar ek de rêst, dy rêst om nei dingen te harkjen en net sa as no '20 sekonden op YouTube en dan wer it folgjende filmke. Sa geweldich."

Harkje hjir nei de reportaazje

"Ik ben bij toeval in het plaatsje Woodstock geweest met mijn vriendin toen we met de camper in Amerika waren", memorearret in manlike besiker. "In de buurt van New York moesten we een overnachtingsplek hebben. En toen belanden we in Woodstock. Ik vroeg de campingbaas: 'is dit nu dé plek van Woodstock?'en dat bleek het geval. Dat maakte heel veel indruk, omdat ik Woodstock enorm fascinerend vond. Ik was toen zelf nog maar twaalf jaar. Het slot van Jimi Hendrix in de film maakte toch weer opnieuw de meeste indruk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)