Partoer Van der Bos skriuwt hûndertste oerwinning op namme

18 aug 2019 - 16:17

It is it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra sneintemiddei yn Kimswert slagge om de finale te winnen. De manlju wûnen mei 5-1-6-0 it fan it partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It is de hûnderste oerwinning dy't Van der Bos en Triemstra mei inoar boeke.

Yn de fuotspoaren fan Hotze Schuil en Wiep van Wieren

It is net allinnich in bysûndere oerwinning foar Gert Anne van der Bos en Taeke Triemstra, dy't mei har beiden al hûndert oerwinnings behelle hawwe sûnt juny 2010. It wie ek in persoanlike mylpeal foar keatser Taeke Triemstra. Hy skreau snein de 185ste oerwinning op namme, en dat binne likefolle as de legindaryske keatser Hotze Schuil. "Dat is geweldich fansels", seit in laitsjende Triemstra.

Poerbêst seizoen, it hie allinnich noch ien omloop better kind yn de PC-finale.

Taeke Triemstra

Mei dizze oerwinning komt Triemstra op in puntetotaal fan 783 punten en dat is dan wer twa punten minder as keatser Wiep van Wieren, de nûmer trije fan it klassemint fan alle tiden. Moogilk hellet Triemstra dizze punten al op de folgjende keatspartij yn Bitgum takom wykein.

"Wy meie twa kear yn Bitgum, dus twa kânsen om minimaal twa punten te heljen. It giet allegear hiel moai dit seizoen, it hie allinnich noch ien omloop better kind op de PC-finale, mar fierder moat der ek mar net tefolle druk op it beheljen fan dy punten."

100 oerwinnings foar Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

Ferslachjouwer Geert van Tuinen oer Hotze Schuil

(advertinsje)
(advertinsje)