Utdagings foar Easterein nei weryndieling: "wenningbou en bedriuwichheid sitte op slot"

18 aug 2019 - 15:28

It doarp Easterein yn de gemeente Súdwest-Fryslân hat in soad positive saken dy't it doarp tekenje, dochs binne der ek noch wol in tal útdagings. Sa soe Easterein graach sjen dat wenningbou en mooglikheden ta it útwreidzjen fan bedriuwichheid op de aginda komme. Dat waard snein dúdlik yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân dat live útstjoerde yn Easterein, út Kafee Bergsma wei.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Utdagings Easterein

"Wy stean hjir noch wol foar in tal útdagings", sa fersuchten bestjoersleden fan doarpsbelang Easterein, dy't ûnder oaren te gast wienen yn de live-útstjoering. Doarpsbelang leit klam op de positive saken dy't it doarp tekenje: De Skoalleseize, dy't mei help fan frijwilligers, sportklups en oare organisaajes in skitterjende akkommodaasje ha, de muzikale toppers yn it doarp, de toeristyske ûntjouwing, de sjarme fan it autentike doarpskafee Bergsma en de mienskip, dy't de Jeneverpôle mei in crowdfundings-aksje nei fernielings wer oerein holp.

Dochs wurde der ek krityske noaten kreake troch doarpsbewenners. Sa ûnderfynt doarpsbelang nei de weryndieling net deselde stipe fan de gemeente Sudwest-Fryslân, sa't se dat gewoan wiene yn Littenseradiel.

Benammen wenningbou yn it doarp is mar dreech op de agenda te krijen. Dêrnjonken jildt eins it selde foar de útwreidingsmooglikheden foar bedriuwen. "Wy binne hjir gjin groeikearn, dat de gemeente keart dat allegear wat op. Dat is wol in útdaging", neffens Baukje de Jong en Annemieke Dinkla fan doarpsbelang.

Earder hie ûndernimmer Jan Vellinga al oanjûn dat syn bedriuw graach yn it doarp bliuwe wol, dêr't it al salang mei ferbûn is en eins ek wol útwreidzje wol. "Mar dy kâns krije we no net."

Harkje hjir nei de reportaazje

(advertinsje)
(advertinsje)