Alderlêste kear op de fyts oer de Ofslútdyk

18 aug 2019 - 13:59

Fytsers koene snein foar it lêst oer de Ofslútdyk. Rykswettersteat is dwaande mei de fersterking van de dyk en de oanpak fan de slûzen. Dêrom kinne der de kommende jierren gjin fytsers oerhinne.

Eins jilde it ferbod al fan 1 april dit jier ôf, mar nei suksesfol ferset gong de Ofslútdyk noch fjouwer dagen iepen foar de fytsers. Snein wie de fjirde en lêste dei. Foar dielnimmers oan de IJsselmeer Challenge wie dat in kadootsje, mar ek minsken dy't net oan dy toertocht meidiene, pakten de kâns om nochris oer de dyk te fytsen. Lykas Riemie Venema. Sy fytst fan har wenplak Snits nei IJmuiden.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Harkje hjir nei de reportaazje

Trefwurden: 
Ofslútdyk fytse
(Advertinsje)
(Advertinsje)