Frouljusskûtsje hâldt nei fjouwer jier op

De Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen binne dien en dat betsjut tagelyk ek de ein fan it dielnimmende frouljusskûtsje. Dat hat it team Oant Moarn sels bekend makke.
De froulju op it skûtsje de Gerrit Ynze © Team Oant Moarn
Under de namme team Oant Moarn docht in groep froulju mei oan de IFKS-wedstriid op it skûtsje de Gerrit Ynze. Se binne tolfde wurden yn it einklassemint fan de C-klasse. It frouljusskûtsje hat fjouwer jier meidien oan de IFKS.