Dorrie Hilboezen sit it langst op de peal yn Kollum

18 aug 2019 - 10:59

Dorrie Hilboezen út Kollum hat it pealsitten yn har wenplak wûn. Sy stapte, mei noch trije dielnimmers, tongersdeitemoarn om tsien oere op de peal, om der sneontejûn wer ôf te kommen.

Dorrie Hilboezen - Foto: De Vries Media

De sechtich oeren pealsitten smieten in bedrach fan 600 euro op, it jild is bestimd foar de Maarten van der Weijden Foundation. Twadde waard Mike Boorsma, ek út Kollum, tredde Durk Postma út Dokkum. De fjirde dielnimmer, Annie Bosma, moast sneontemiddei ôfstappe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)