Stoarmram Botman koe wedstriid Hearrenfean tsjin Emmen net yn winst omsette

18 aug 2019 - 09:57

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn de wedstriid tsjin FC Emmen gjin plan B yn stelling bringe kinnen om foar te kommen dat se ferlearen. Se misse eins in goede spits en skoden no de sintrale ferdigener nei foaren. Sven Botman wie yn dit gefal de 'stoarmram'. Hy hat dat earder by Ajax ek wol dien. Hearrenfean ferlear de earste kompetysjewedstriid mei 2-0.

Foto: Orange Pictures

Botman sei nei de wedstriiid dat net yn it foar ôfpraat wie dat dit barre soe. "Op een gegeven moment zag je dat ze met zijn tienen gingen inzakken. Dan is het ballen vooruit gooien voor de goal en hopen dat hij goed valt." Botman hat mei syn lingte en kopkrêft foardiel. Hy tinkt dat de trainer mei dizze aksje wat forsearje woe, mar dat is spitigernôch net slagge. "Wij waren gewoon slapper dan Emmen en zij wonnen alle duels. De spirit was er niet. In de tweede helft hebben we wel wat rechtgezet. Het was niet genoeg."

Trainer Jansen jout ta dat se wol útsjogge nei in spits. In plan B as it net slagget, kin in goede spits wêze, mar it kin ek in sintrale ferdigener lykas Sven Botman wêze dy't derfoar soarget dat de ballen foar komme. "Dat is vandaag helaas niet gelukt."

Jansen is teloarsteld, sei er nei de wedstriid. Hy hie in goed gefoel oan de ôfrûne twa wedstriden oerhâlden. Fuotbaljend moat it better, mar it is wol in alvetal mei in soad enerzjy. "Je hebt een plan voor de wedstrijd tegen Emmen. Niet opbouwen, maar over hun druk heen spelen. Maar we gingen wel opbouwen en waren slordig. Zij kregen een vrije trap en die ging binnen. In de eerste helft speelden we uiteindelijk Emmen volledig in de kaart."

It earste plan wurke net omdat de romtes te grut wiene. Yn de rêst waard dúdlik dat we foaren moasten en it kompakt hâlde, seit Jansen. "Je moet terugkomen in de wedstrijd en een goal maken. Dan hoop je dat Emmen wat meer in de war gaat raken. We hebben wel wat mogelijkheden gehad, maar te weinig. Je hoopt dat je de 2-1 kunt maken, maar dat lukt niet. "

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)