Doutzen ûnder fjoer foar Instagramfoto: "te meager"

18 aug 2019 - 08:44

It Fryske topmodel Doutzen Kroes leit ûnder fjoer. Se is op in foto op Instagram te sjen werop't se neffens guon fierstente meager is.

Foto: Doutzen Kroes

Op de foto is Doutzen te sjen hoe't se tegearre mei in freondinne yn bikiny posearret. Dêrby is har goed trainde liif te sjen. Se krijt dêr frijwat krityk op. "Sorry Doutzen, maar wat ben jij mager. Gewoon eng die buik. Niet gezond dit".

It liket der net op dat Doutzen har in soad fan de krityk oanlûkt. Koart nei de tiid pleatst se noch in foto fan harsels, wylst se ûnder de dûsj stiet. "Don't forget to shower" stiet by dy foto.

Jemig Doutzen, it wurdt tiid foar in bêste panne boerekoal mei woarst en tsjokke sjú fan mem

@corvanwieren
Trefwurden: 
Doutzen Kroes
(Advertinsje)
(Advertinsje)