Oplettende boarger tipt plysje oer stellerij fytsen, fertochten oppakt

18 aug 2019 - 07:42

Twa Limburgers binne sneontemiddei oanhâlden foar fytsestellerij yn Dokkum. De plysje waard alarmearre troch in boarger dy't seach dat in fyts yn in auto laden waard. Dêrop gie de plysje mei ferskate ienheden op 'en paad. Se seagen de auto op de Sintrale As by Quatrebras en wisten him ta stilstân te bringen.

Foto: Plysje Noardeast-Fryslân

Neist de fyts dy't yn Dokkum stellen wie, leine der noch twa oare fytsen yn de auto. De fertochten, twa manlju fan 24 en 27 jier út Kerkrade, binne fêstset op it plysjeburo foar ferhear.

De eigener fan de fyts dêr't de stellerij fan sjoen is, hat syn fyts werom. Hy hat oanjefte dien. De plysje siket noch nei de eigeners fan de oare twa stellen fytsen. Se binne fan it merk Cortina.

Trefwurden: 
fytsen stellerij Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)