SC Hearrenfean rint tsjin earste kompetysjeferlies oan yn Emmen

17 aug 2019 - 22:34

Sportklup Hearrenfean is sneontejûn tsjin it earste kompetysjeferlies fan dit seizoen oanrûn. Yn de útwedstriid tsjin FC Emmen waard mei 2-0 ferlern.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste helte hiene de Feansters it swier yn Emmen. Al nei fjouwer minuten seach de ploech tsjin in efterstân oan. Nikolai Laursen skeat binnen út in direkte frije traap: 1-0. Ek dêrnei waard Emmen noch in pear kear gefaarlik. Twa kear wie it Warner Hahn dy't rêding bringe koe op ynsetten fan Emmen-spits Marko Kolar.

De tredde kear koe Hahn in goal fan Emmen net mear foarkomme. Yn de 42ste minút koe Glenn Bijl, nei in foarset fan Lorenzo Burnet, de 2-0 ynkoppe. Hearrenfean koe dêr allinne in kopbal fan Jens Odgaard en in skot fan Hachim Faik tsjinoer sette.

Op syk nei oansluting

Yn de twadde helte gie Hearrenfean mei deselde alve spilers op syk nei de oanslutingstreffer. Odgaard besocht it mei de hakke, mar syn ynset gie sintimeters by de ferkearde kant fan de peal del. Faik syn frije traap gie krekt oer.

Yn de 78ste minút like Emmen de kâns te krijen om de wedstriid definityf yn it slot te smiten. In oertrêding fan Hahn op Kolar like út te rinnen op in strafskop, mar der wie al flagge foar bûtenspul fan de spits. De lêste gefaarlike situaasje kaam út in skot fan ynfaller Arjen van der Heide. Mar ek de jonge oanfaller koe de bal net yn it goal krije.

Kompetysje

Troch it ferlies hat de ploech fan Johnny Jansen 4 punten út 3 wedstriden. Kommende wike sneon stiet de thúswedstriid tsjin FC Twente op it programma.

FC Emmen - SC Hearrenfean 2-0 (2-0) 4. Laursen 1-0; 42. Bijl 2-0.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Bruijn (71. Ras), Faik, Kongolo, Ejuke (84. Van der Heide), Odgaard, Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)