Brânwacht útriden foar garaazjebrân yn Sint-Anne

17 aug 2019 - 21:20

De brânwachten fan Menaam en Sint-Anne moasten sneontejûn útride foar in brân yn Sint-Anne. Yn in garaazje by in wenning oan de Klaas Taekesland wie brân ûntstien. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend.

Foto: Srfotografie

De brânwacht hat it fjoer yntusken ûnder kontrôle. Yn de garaazje stie ek in auto, dy't nei alle gedachten swier skansearre is troch de brân. Ien persoan soe reek ynazeme ha.

Trefwurden: 
brân Sint-Anne garaazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)