Marrit van der Wal wint earste wedstriid nasjonale fierljepkompetysje

17 aug 2019 - 21:06

Marrit van der Wal fan It Heidenskip hat sneontejûn yn Jaarsveld (Utrecht) de earste wedstriid fan de nasjonale fierljepkompetysje op har namme skreaun. Frysk kampioene Van der Wal ljepte nei in ôfstân fan 15.38 meter.

Dêrmei kaam de Friezinne fierder as Dymphie van Rooijen, dy't in ôfstân fan 15.06 meter delsette. Wendy Helmes einige op it tredde plak mei 14.42 meter.

Frysk kampioen Brandsma tredde

Nard Brandsma fan Warkum, dy't ferline wike Frysk kampioen waard, einige sneon op it tredde plak. Syn 19.99 meter waard allinne ferbettere troch Wouter van Midden (20.13) en winner Rian Baas (20.89).

Yn de jeugdkategoryen helle allinne Hanneke Westert fan Snits in poadiumplak. Sy einige as tredde by de famkes mei 13.76 meter. Femke Rispens fan Niehove waard twadde mei 14.34 meter.

Grinzers hâlde Fryske eare heech

By de jonges soarge Peter Faber út Oldehove foar in ferrassing troch mei in nei persoanlik rekôr fan 17.44 meter nei it silver te ljeppen. Syn ôfdielingsgenoate fan Grypstsjerk Femke Rispens waard twadde by de famkes.

Marrit van der Wal - Foto: Martin de Jong

Moandei: Burgum

Kommende moandei stiet de folgjende wedstriid fan de nasjonale kompetysje op it programma yn Burgum. Dy wedstriid soe earst dizze wike al hâlden wurde, mar dat gie twa kear fanwegen it minne waar net troch. De wedstriid begjint om 18:00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)