Marit Bouwmeester nei earste dei olympysk testevent op twadde plak

Marit Bouwmeester stiet nei twa races op it olympysk testevent yn Enoshima op in twadde plak. Op de earste dei sylde Bouwmeester op it olympysk wetter yn Japan nei in fiifde en tredde plak.
Marit Bouwmeester (argyf) © Topzeilen Watersportverbond
Dêrmei stiet de sylster út Warten fiif punten efter de Hongaarske klassemintslieder Maria Erdi en ien punt foar Anne-Marie Rindom út Denemarken.
By it olympysk testevent kinne de silers fan de Nederlânske ploech ûnderfining krije mei it wetter en de omstannichheden yn Japan en kinne se dêr harren materiaal op oanpasse. De Olympyske Spelen binne yn 2020 yn Japan.