Einklassemint Grutte A-klasse IFKS: top trije binnen twa punten

17 aug 2019 - 16:53

It IFKS-seizoen 2019 sit der yntusken op. Sneontemiddei waard op it wetter by De Lemmer de lêste wedstriid syld. It bleau oant de finish spannend, yn sawol de wedstriid as it klassemint. Uteinlik pakte skipper Jeroen de Vos fan de Eelkje II dit jier it kampioenskip yn de IFKS.

IFKS op De Lemmer - Foto: Martin de Jong

De Vos einige op in totaal fan 22,9 punten. Skipper Sikke Heerschop siet der mar ien punt fanôf en einige mei 23,9 punten op it twadde plak. Tredde yn it klassemint waard Ulbe Zwaga fan de Waaksdom, mei 24,8 punten.

Degradanten

De lêste trije skippers fan de IFKS dit jier sile takom jier net mear yn de Grutte A-klasse, mar yn de B-klasse. Jilles Bandstra fan de Lonneke, Gerrit Huisman fan Ut 'e Striid en Ron Syperda fan de Ale binne degradearre.

Einklassemint

Skipper Skûtsje Punten
1. Jeroen de Vos Eelkje II 22,9
2. Sikke Heerschop Wylde Wytse 23,9
3. Ulbe Zwaga Waaksdom 24,8
4. Walter de Vries De Goede Verwachting 31,9
5. Geale Tadema It Doarp Eastermar 32,9
6. Froukje Osinga Jonge Jasper 33,9
7. Tony Brundel Lytse Lies 40,0
8. Floriaan Zwart Ut en Thûs 41,0
9. Klaas Kuperus De Zes Gebroeders 41,0
10. Jaap Hofstee 't Swarte Wief 44,0
11. Merijn Olsthoorn Emanuel 51,0
12. Arjen de Jong Grytsje Obes 57,0
13. Wytse Heerschop Woeste Anne 64,0
14. Jilles Bandstra Lonneke 68,0
15. Gerrit Huisman Ut 'e Striid 71,0
16. Ron Syperda Ale 83,0
Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS klassemint
(Advertinsje)
(Advertinsje)