Winst en ferlies foar Fryske klups yn beker, ONS Snits net yn aksje

Fuotbalklup Harkemase Boys hat troch in oerwinning op VVSB de twadde kwalifikaasjeronde fan de KNVB beker helle. Yn Noordwijkerhout koene de Harkiten in 1-0 efterstân ombûge nei in 4-2 oerwinning. Drachtster Boys gie nei ferlinging mei 3-0 ûnderút tsjin VV Dongen. ONS Snits kaam net yn aksje, fanwegen in needlottich foarfal mei in frijwilliger fan tsjinstanner ADO '20 .
De spilers fan Harkemase Boys binne bliid mei de 2-1 © Orange Pictures
Harkemase Boys hie net in goeie start en kaam yn de fyftjinde minút op in 1-0 efterstân troch in goal fan Lulinho Martins. Net folle letter kaam de ploech fan trainer Hans de Jong op likense hichte troch in goal fan Henny Bouius. De 1-1 wie ek de rêststân.

Lieding

Yn de twadde helte pakte Harkemase Boys yn de 70ste minút de lieding troch in goal fan Gerald Postma. Tsien minuten letter wie it ynfaller Kevin Bakels dy't mei in goeie aksje de 3-1 makke. Krekt foar it ein like it noch efkes spannend te wurden troch de oanslutingstreffer fan VVSB, mar Dennis van Duinen makke yn de ekstra tiid in ein oan de spanning troch de 4-2 te meitsjen.

Drachtster Boys

Earsteklasser Drachtster Boys krige de tredde difyzjonist VV Dongen op besite. De Drachtsters koene lang goed ferset jaan tsjin it favorite Dongen. Nei 90 minuten stie noch altyd de 0-0 op it skoareboerd. Dat wie ûnder oare mei tank oan de keeper fan de Drachtsters, Emile Peters. Hy kearde yn de 70ste minút in strafskop fan de besikers.
Yn de ferlinging moasten de Drachtsters dochs belies jaan. Ut in counter kaam VV Dongen yn de earste helte fan de ferlinging op in 1-0 foarsprong. Dermei wie it ferset fan de Drachtsters brutsen en rûn Dongen út nei in 4-0 foarsprong. Dat wie ek de einstân.

ONS Snits net yn aksje

De wedstriid fan ONS Snits tsjin ADO '20 is sneontejûn net trochgien yn ferbân mei in needlottich foarfal mei in frijwilliger fan ADO '20, in oere foar de wedstriid. Yn oerlis mei de skiedsrjochter hawwe de klups besletten dat de wedstriid op in oar momint spile wurde sil. Wannear't dat is, is noch net bekend.