Jeroen de Vos kampioen IFKS, Walter de Vries wint lêste dei by De Lemmer

17 aug 2019 - 15:47

Jeroen de Vos fan de Eelkje II fan Heech is sneontemiddei kampioen wurden yn de Grutte A-klasse fan de IFKS. Mei in totaal fan 22,9 punten wie De Vos de ôfrûne wike de bêste op it Fryske wetter.

It skûtsje De Goede Verwachting fan skipper Walter de Vries wûn de lêste wedstriid fan dit IFKS-seizoen by De Lemmer. De skipper fan Sleat lei de hiele wedstriid foarop en koe mei in feilige foarsprong oer de finish sile. Op it twadde plak einige Ulbe Zwaga fan it skûtsje Waaksdom. Tredde waard skipper Geale Tadema fan it skûtsje It Doarp Eastermar.

Foar skipper Jeroen de Vos, dy't sneon it kampioenskip pakte, wie it noch net sa'n ienfâldige wedstriid. "Het was heel spannend", sa fertelt er. "Het zeilde heel moeilijk vandaag. We moesten heel erg bezig blijven. Maar we konden bijblijven en er zat nog een plekje tussen, dus we waren veilig."

"Geluk en wijsheid nodig"

It is de twadde kampioenskipsoerwinning foar de skipper fan Heech. Yn 2004 waard hy ek al ris kampioen. "Ik was het al bijna vergeten. Dat was heel lang geleden. Dit jaar viel alles op zijn plek. Dat heb je af en toe ook nodig: een beetje wijsheid en wat geluk, anders word je geen kampioen!"

Utslach Grutte A-klasse sneon: 1. Walter de Vries; 2. Ulbe Zwaga; 3. Geale Tadema; 4. Sikke Heerschop; 5. Klaas Kuperus; 6. Jeroen de Vos; 7. Merijn Olsthoorn; 8. Ton Brundel; 9. Floriaan Zwart; 10. Jilles Bandstra; 11. Arjen de Jong; 12. Froukje Osinga; 13. Wytse Heerschop; 14. Jaap Hofstee; 15. Gerrit Huisman; 16. Ron Syperda.

Trefwurden: 
De Lemmer skûtsjesilen IFKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)