FIDEO: De finale fan it IFKS Skûtsjesilen

17 aug 2019 - 14:16

Sneon is de twadde dei op De Lemmer, en troch de dûbele race fan freed alwer de tredde wedstriid yn dit plak. De twadde dei op De Lemmer is de lêste wedstriid om it kampioenskip yn de grutte A-klasse. Grutte kânshawwers fan it kampioenskip binne Jeroen de Vos mei de Eelkje II en Sikke Heerschop mei de Wylde Wytse.

De wedstriid is live te sjen by Omrop Fryslân op tv en hjirûnder yn de livestream.

It klassemint foar oanfang fan de lêste wedstriid op De Lemmer:

1. Jeroen de Vos, 16,9 punten
2. Sikke Heerschop, 19,9 punten
3. Ulbe Zwaga, 22,8 punten
4. Froukje Osinga, 22,9 punten
5. Geale Tadema, 29,9 punten
6. Walter de Vries, 31,0 punten
7. Jaap Hofstee, 32,0 punten
8. Floriaan Zwart, 32,0 punten
9. Tony Brundel, 32,0 punten
10. Klaas Kuperus, 36,0 punten
11. Merijn Olsthoorn, 44,0 punten
12. Arjen de Jong, 46,0 punten
13. Wytse Heerschop, 51,0 punten
14. Gerrit Huisman, 56,0 punten
15. Jilles Bandstra, 58,0 punten
16. Ron Syperda 68,0 punten

IFKS op De Lemmer - Foto: Martin de Jong
Trefwurden: 
De Lemmer IFKS skûtsjesilen
(Advertinsje)
(Advertinsje)