Hoe stiet it mei it IFKS-klassemint foarôfgeand oan de lêste wedstriid

Yn de A-klasse fan it Iepen Frysk Kampioenskippen binne sneontemoarn foarôfgeand oan de lêste wedstriid noch in tal protesten behannele. Yn de earste wedstriid fan freed hat de Ut 'e Striid in protest ferlern dat se sels oanspand hiene tsjin de Grytsje Obes en de Goede Verwachting. Dêrtroch wurdt de Ut 'e Striid diskwalifisearre en krije se 17 punten.
IFKS op De Lemmer © Martin de Jong
Yn de twadde wedstriid fan freed hat de Woeste Anne in protest wûn tsjin de Goede Verwachting. Dy lêste falt dus fuort út de útslach en krijt 17 punten. De rest, wêrûnder de Wylde Wytse fan Sikke Heerschop, skoot in plak op. Dat betsjut dat yn it klassemint it gat tusken de nûmers 1 en 2 noch wat lytser wurden is.
De lêste wedstriid begjint om 14.30 oere. It is by De Lemmer.
1. Jeroen de Vos, 16,9 punten
2. Sikke Heerschop, 19,9 punten
3. Ulbe Zwaga, 22,8 punten
4. Froukje Osinga, 22,9 punten
5. Geale Tadema, 29,9 punten
6. Walter de Vries, 31,0 punten
7. Jaap Hofstee, 32,0 punten
8. Floriaan Zwart, 32,0 punten
9. Tony Brundel, 32,0 punten
10. Klaas Kuperus, 36,0 punten
12. Arjen de Jong, 46,0 punten
13. Wytse Heerschop, 51,0 punten
14. Gerrit Huisman, 56,0 punten
15. Jilles Bandstra, 58,0 punten
16. Ron Syperda 68,0 punten