Biten moatte fan it lân, hûnderten sjauffeurs socht foar bitekampanje

17 aug 2019 - 12:32

Noch in pear wiken en dan giet de bitekampanje wer fan start. Dat betsjut ûnder oare dat der in grut tal frachtweinsjauffeurs nedich binne om al dy biten fan it lân nei it fabryk te riden. En dat is no krekt in probleem, want der in grutte krapte oan frachtweinsjauffeurs. It bedriuw Werfftalent op It Hearrenfean besiket dat probleem oan te pakken mei in saneamde meet en greet, lykas sneontemoarn op It Hearrenfean.

Sûkerbiten - Foto: Shutterstock.com

Opdrachtjouwers komme del op sa'n moetingsdei om persoanlik te praten mei de belangstellenden. Se kinne dan fuortendaliks sjen oft ien geskikt is foar de baan. Yn trochsneed giet ien op de fjouwer troch. Ien transporteur hat sawat hûndert sjauffeurs nedich. Der is wol in fêste ploech fan sjauffeurs, mar der falle altyd minsken út en der kinne ek altyd mear by.

Werfftalent wurket wol faker foar de bitekampanje. "Wy pleatse wol fakatueres," fertelt in meiwurkster. "Mar it iennige dat we weromkrije, is in faktuer." Mar se binne kreatyf, giet se fierder. Sa diele se om itenstiid hinne briefkes út by sjauffeurskafees en hawwe se spotsjes op de regionale omroppen en yn it sjauffeursprogramma op 100% NL.

Se krije oanmeldings fan fitte minsken dy't al mei pensjoen binne. Dy wolle dan faak net de hiele wike wurkje, mar inkeld in pear dagen. Dat betsjut dat der dan net trije minsken kontinu op in frachtwein sitte, mar fjouwer. Foar de planning is dat in gruttere útdaging, mar it slagget alle jierren wer, seit de meiwurkster.

Ek takom tongersdeitejûn is der noch in moetingsjûn foar belangstellenden by JobTrans op It Hearrenfean.

Yn hiel Nederlân binne der tusken de 4000 en 5000 iepensteande fakatueres foar frachtweinsjauffeurs. Undernimmersorganisaasje Transport en Logistiek docht der fan alles oan om dit tal te ferminderjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)