Syktocht nei de eigen identiteit op nije jeugdkultuerskoalle Burgum

17 aug 2019 - 12:10

In plak foar in syktocht nei de eigen identiteit foar jongerein tusken de 12 en 16 jier. Dat is it doel fan de nije jeugdkultuerskoalle Het Achterland dy't yn septimber losgiet yn it âlde molkfabryk yn Burgum. Teätermakker Dirk Bruinsma is oanjager.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Bruinsma is opgroeid yn Kollumersweach. Hy miste yn dy regio in plak om te ûntdekken wat er sels woe op it mêd fan kultuer. Tegearre mei teäter- en muzykmakker Adriaan Groffen hat er de jeugdkultuerskoalle opset.

"Zowel achter als voor de schermen komt aan bod", fertelt Adriaan Groffen, direkteur fan Het Achterland. "Van acteren tot het vormgeven van een flyer of het opstellen van een begroting voor de toekomstige producties die we gaan maken."

De oplieding duorret fjouwer jier en is bedoeld foar jongerein tusken de 12 en 16 jier. Eltse sneon kinne se terjochte yn it eardere molkfabryk. Der is in oefenromte dy't dield wurdt mei in dûnsskoalle. Fierders komt der in teäterseal dêr't produksjes opfierd wurde kinne.

It is noch net sa maklik om jild los te krijgen foar it nije inisjatyf. "De provincie staat helemaal achter ons, maar van fondsen krijgen we helemaal niks. Zij geven vooral subsidies aan projecten en dit is iets structureels." Der binne wol ûndernimmers yn de buert dy't jild jûn hawwe. "Meer sponsoren zijn altijd welkom."

Adriaan Groffen, direkteur fan de Jeugdkultuerskoalle

(Advertinsje)
(Advertinsje)