Fryske bedriuwen belutsen by bou AZ-stadion en parkeargaraazje

Trije Fryske ûnderoannimmers hawwe meidien oan de bou fan it AZ-stadion en ek oan de bou fan in parkeargaraazje yn Wormerveer. Yn beide gefallen is in diel fan it dak ynstoart. It giet om yngenieursgroep Romkes fan Sint-Nyk en om de fallite bedriuwen Jan de Roos Montage en Hardstaal, beide fan De Lemmer. Dat meldt de regionale omrop fan Noard-Hollân.
© ANP
Romkes berekkene yn beide gefallen de sterkte fan de laskferbiningen. Lykas bekend is it dak fan it AZ-stadion ek foar in part ynstoart. It laskwurk sels is útfierd troch it bedriuw Jan de Roos Montage fan De Lemmer, dat no fallyt is. Neffens de Onderzoeksraad voor Veiligheid kaam de ynstoarting fan it AZ-stadion troch ferkearde ferbiningen. Fierders wurke it fallite Hardstaal fan De Lemmer ek mei.
Ut ûndersyk fan NH Nieuws soe bliken dwaan dat Romkes yn Wormerveer in standertdikte fan de lasknaad oanhâlden hie, wylst in swierdere befestiging needsaaklik west hie.
© ANP