Grutte nije kampus op Skylge

Yn de bosken by West Skylge komt in nije kampus fan de seefeartskoalle fan 11.000 kante meter. In mearderheid fan de riedskommisje spruts woansdei in foarkar út foar de lokaasje yn it bosk by West. Sa'n grut gebou stiet noch nergens op in eilân. De lânskiplike ynpassing is dan ek in heikele kwestje, mar wethâder Spanjer hat der alle fertrouwen yn.
De NHL, dêr't de seefeartskoalle ûnderdiel fan is, hat tasein dat se foar langere tiid op it eilân bliuwe as de nije kampus trochgiet.