Gemeente nimt personiel en behear Vleckehûs Surhústerfean oer

17 aug 2019 - 09:47

It behear fan it multyfunksjoneel sintrum yn Surhústerfean giet oer nei de gemeente Achtkarspelen. It personiel fan it Vleckehûs komt yn tsjinst fan de gemeente. Oant no ta wie behear en eksploitaasje yn hannen fan in stichting.

Foto: Atze van der Ploeg

De gemeente is ek eigener fan it gebou. Yn it multyfunksjonele sintrum sitte ferskate organisaasjes en ynstellingen, lykas iepenbiere basisskoalle It Skriuwboerd, in biblioteek, sosjaal-kultureel wurk en de berne-opfang. It Vleckehûs draait finansjeel goed. Mei de oername fan behear en personiel wol de gemeente de funksje fierder útbouwe.

Trefwurden: 
Surhústerfean Vleckehûs
(advertinsje)
(advertinsje)