Kollum: "Gute Nacht, Freunde"

17 aug 2019 - 08:35

"It skriuwen fan in moaie tekst is net foar eltsenien weilein. Guon hawwe dêr no ienkear talint foar, oaren kinne better skilderje of hurdrinne. Ik neam mar wat. Tsjintwurdich binne der in hiel soad minsken mei in grutte oanlis om alles dat harren net oanstiet mei de grûn gelyk te meitsjen. Of om ôf te rekkenjen mei ús ferline."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "Gute Nacht, Freunde"

"Sa hawwe we bygelyks de Swarte Pyt-diskusje, dêr't sels ûnder de Omrop-kollumnisten in fûndamintiel ferskil fan miening oer bestiet. Itselde kinne jo sizze oer it organisearjen fan festivals yn natuergebieten. Ek dêr sille guon it nea oer iens wurde. Oer it duorsum produsearjen fan iten binne de mieningen al sa oer ferdield. Framing komt dan samar om de hoeke sjen. It Ingelske wurd foar stjoeren fan opiny.

It giet tsjintwurdich fier mei it josels ergens tsjinoan bemuoien. Sa wie der midden yn de komkommertiid fan it jier 2019 in helder ljocht dat miende dat we mei ús allen ôfskied nimme moatte soenen fan in oare ynslipe gewoante. Sjoch, ik bin grut wurden mei it fenomeen radio. En jûns, even oer de klok fan alve oere, sjongt Reinhard Mey my al desennia lang itselde freonlik boadskip ta:

"Gute Nacht, Freunde Es wird Zeit für mich zu geh'n. Was ich noch zu sagen hätte dauert eine Zigarette Und ein letztes Glas im Steh'n."

Frij oerset is dat: "Goeienacht freonen, it wurdt tiid foar my om te gean. Wat ik noch te sizze haw, duorret ien sigaret. En in lêste glês, wylst ik al stean."

Mei ik in djippe bûging foar dizze geweldige tekst? Hy is yn de rin fan de jierren sa gewoan wurden dat jo de moaiens der net mear fan sjogge, mar it is echt in prachtich stikje proaza. Mar, dêr tinkt de hear Frans Koevoets út Dieren hiel oars oer. Yn in ynstjoerd stikje yn deiblêd Trouw fynt hy dat de ferwizing nei in sigaret yn de tekst fan Mey 'toch echt niet meer van deze tijd is'.

En dus moat it sneuvelje. Omdat ien persoan him der net yn fine kin. Dizze prachtige poëtyske tekst dy't jo foar jo sjogge as jo him foarlêze of sjonge, moat daliks fan de radio ôf, omdat de hear Koevoets der in hekel oan hat.

No, dat is dan ferhipte spitich foar Piter Wilkens, want syn Bearenburch is ek echt gjin sjirurch. Jaap Louwes sûpt yn de Wâldrinner as in gruttenien en Gurbe Douwstra mist yn ien fan syn lieten in stikje út de film, omdat er tefolle nei binnen klokt hat. Drank maakt meer kapot dan je lief is, dus daliks dizze Fryske hits allegearre mar fan de radio helje? Of nimme wy tsjintwurdich alles ien op ien fierstente letterlik?

Yn de tiid wêryn't troch de sosjale media eltsenien oeral in miening oer hawwe kin en fan dy frijheid ek lekker anonym gebrûk makket troch lekker los te gean op it safolste folslein ûnbelangrike, mar gleonhite hingizer dat troch ien betocht is. Fansels, smoke is net goed. Tefolle sûpe ek net. Mar we meie wol allegearre stoned wurde, neffens de jongerein fan D66. Dy dielden nammentlik sabeare xtc-pillen út oan de 3600 nije lichting studinten yn Leiden. Omdat se graach wolle dat dizze drug legalisearre wurdt. Is dat dan de rjochting dêr't we mei ús allen hinne moatte? Drugs as algemien akseptearre ferdôvingsmiddel en Reinhard Mey fan de radio helje? Sorry, ik bin tsjin.

Lizze der trouwens al hast wer pipernuten yn de winkels?"

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)