Ald molkfabryk yn Burgum wurdt brûsplak foar kultuer en ynnovaasje

17 aug 2019 - 07:30

It âld molkfabryk yn Burgum wurdt in brûsplak foar kultuer en ynnovaasje. Sûnt 2003 is it gjin tsiisfabryk mear en binne der hiel wat plannen foarbykommen. No liket der skot yn de saak te sitten en wurdt der omraak ferboud.

De Jeugdkultuerskoalle set hjir yn septimber útein en dûnsskoalle ModèstoDûns krijt hjir ek in plak. Fierders sil Burning Baarch fan it hjerst hjir mei in restaurant úteinsette. Ek binne der al ferskate kulturele ûndernimmers dy't hjir romte hiere. Fan it hierjild is al it ien in oar opknapt. Der is in soad asbest sanearre. In grut part fan it dak is oanpakt en kezinen en doarren binne fernijd. It fabryk sil duorsum ferwaarme wurde troch tsjettels dy't op hout stookt wurde. Dy stean der al.

Grutte hal

Foar de takomst binne der ek noch plannen foar de twa grutte hallen. Ien fan de grutte hallen dêr't no altyd de rommelmerk plakfynt, moat in plak wurde dêr't lokaal iten kocht wurde en sels makke wurde kin, lykas tsiis. De oare grutte hal moat in plak wurde foar grutte binnendoareveneminten. It idee is dat it molkfabryk ferbûn wurdt mei it opknapte park oan de oare kant fan it wetter. Dêr is ek in grut parkearplak.

Hans Schaeffer, ien fan de inisjatyfnimmers

(advertinsje)
(advertinsje)