Cambuur bout in feestje: "It wie wer âlderwetsk"

16 aug 2019 - 23:12

Nei in falske start tsjin De Graafschap hat Cambuur freedtejûn de earste trije punten fan it seizoen binnen helle. Yn Ljouwert waard mei 5-0 wûn fan Go Ahead Eagles.

Foto: orangepictures.nl

Foar nije spiler Ragnar Oratmangoen wie it in dreamwedstriid: "Voor het eerst minuten gemaakt, en dan meteen met vijf nul winnen en een goal meepakken, dat kan niet mooier." De dikke winst wie in moaie opstekker nei it soere ferlies fan ferline wike út by De Graafschap. "Ik denk dat we vorige week ook goede dingen hebben laten zien, en dan is het zonde dat we daar geen punten hebben gehaald", sa eit Oratmangoen.

Sportklup Cambuur wint mei dikke sifers fan Go Ahead Eagles

Spits Robert Mühren iepene de skoare al yn de njoggende minút, út in penalty. En ek de twadde penalty waard naam troch de Spits. It wie lykwols net ôfsprutsen dat Mühren de penalties nimme soe: "Een spits moet die bal pakken", seit de doelpuntemakker nei ôfrin fan de wedstriid. "Ik moet die eerste goal maken, en dan doen we dat."

Trainer Henk de Jong fertelt nei de wedstriid dat der eins twa spilers binne dy't yn oanmerking komme foar it nimmen fan in penalty: "Der binne twa jonges, mar se moatte inoar net de kop yn slaan. Lokkich, wiene se it der gau oer iens!"

De goals binne neffens De Jong wichtich foar in spits, en kin takom wike noch meihelpe om it fertrouwen te hâlden om mear goals te meitsjen. "Dat is it spitsewurk."

Sportklup Cambuur wint mei dikke sifers fan Go Ahead Eagles 2

Nei ôfrin liket de wedstriid op papier in makky west te hawwen foar Cambuur, dochs wie dat neffens Mühren net sa: "We weten dat Go Ahead een goeie ploeg is. Maar vanaf minuut een zaten we er kort op, en dat resulteerde in deze mooie avond."

Henk de Jong wie fansels út de skroeven mei it resultaat, mar benammen it publyk hat freedtejûn wer yndruk makke op De Jong. "It wie gewoan de tolfde man, fan sekonde ien ôf. Dat is dêr't wy foar spylje, dat de minsken it leuk fine. Dan fine wy it sels ek leuk, en dan pakke wy in soad punten."

Henk de Jong

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)