Sportklup Cambuur wint mei dikke sifers fan Go Ahead Eagles

Cambuur hat de twadde wedstriid fan it seizoen mei glâns wûn. Yn Ljouwert waard it 5-0 tsjin Go Ahead Eagles, dy't in grut part fan de twadde helte mei tsien man spylje moast.
© orangepictures.nl
De Ljouwerters kamen al nei njoggen minuten op foarsprong troch in strafskop. Issa Kallon waard ûnderút skoffele troch Donny van Iperen, wêrnei't Robert Mühren de goal makke. Ek yn de minuten dêrnei sette Cambuur goed druk op de spilers út Deventer, mar echte kânsen smiet dat net op. Troch it oanfallende spul fan Go Ahead Eagles wie de wedstriid foar de neutrale sjogger foaral leuk om te sjen.

Prachtige frije traap

Troch in prachtige frije traap fan Erik Schouten kaam Cambuur nei krekt wat mear as in heal oere op in 2-0 foarsprong. Op dat stuit spilen de Ljouwerters ek noch mei tsien man, om't Jordy van Deelen oan de kant behannele waard oan in blessuere oan de holle.
Yn it lêste part fan de earste helte kaam Cambuur foar it earst echt wat yn de problemen, mar mear as in lyts kânske fan Bannink en in mislearre frije traap fan Corboz siet der net yn foar de Eagles.

Cambuur dendert troch

De tee die de Cambuurspilers goed, want yn de twadde helte begûn it team fuort wer goed. In kâns fan Kallon mocht lykwols net bate, mar noch gjin minút letter krige Cambuur de twadde penalty. Dizze kear wie it Robert Mühren dy't ûnderút helle waard, en hy pakte it kadootsje sels út: 3-0. De feroarsaker fan beide penalty's, Donny van Iperen, mocht mei twa giele kaarten betiid dûse.
Sportklup Cambuur wint mei dikke sifers fan Go Ahead Eagles
Yn de minuten dêrnei die de ploech fan Henk de Jong it rêstiger oan. Go Ahead Eagles kaam der lykwols net mear oan te pas. De earste grutte kâns op de 4-0 ûntstie yn de 68e minút troch in moaie aksje fan Jordy van Deelen, dy't himsels foar it doel sette mar it net ôfmeitsje koe. Fuort dêrnei koe Mühren syn tredde meitsje, mar ek hy slagge der net yn in foarset fan Robin Maulun yn it doel te skowen.
It duorre lykwols net lang foardat dy 4-0 dochs foel. Yn de 72e minút makke Jamie Jacobs syn earste foar de klup, nei opnij in lege foarset fan Maulun.
It slotstik kaam op namme fan Ragnar Oratmangoen. Yn de 89e minút soarge hy foar in 5-0 einstân op it skoareboerd.
Sportklup Cambuur wint mei dikke sifers fan Go Ahead Eagles 2
SC Cambuur - Go Ahead Eagles: 5-0 (2-0) 9. Robert Mühren 1-0, 36. Erik Schouten 2-0, 51. Robert Mühren 3-0, 72. Jamie Jacobs 4-0, 89. Ragnar Oratmangoen 5-0
Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Van Deelen; Maulun, Jacobs (73/Oratmangoen), Hoedemakers; Korte (59/Paulissen), Mühren (82/Ladan), Kallon.