Undersikers slagje deryn om sukselsfol seegers te plantsjen by Waadeilantsje Gryn

16 aug 2019 - 21:12

Undersikers fan de Ryksuniversiteit Grins binne deryn slagge om mei sukses seegers te plantsjen by it waadeilantsje Gryn. Dat wurdt al jierren besocht, mar no is it op lytse skaal slagge. Dizze wittenskiplike trochbraak is wichtich om seegers wer werom te krijen yn it Nederlânske Waad.

It seegers is út it Nederlânske Waad ferdwûn nei de oanlis fan de Ofslútdyk. It is lykwols wichtich foar it biologysk ferskaat op it Waad. Boppedat kin it eilantsjes lykas Gryn beskermje tsjin ôfslach.

Takom jier wolle de ûndersikers in bunder grut flak mei seegerssied út it Dútske Waad ynsiedzje. Mar om de proef noch fierder út te wreidzjen is safolle sied nedich dat der no wurke wurdt oan de opset fan in seegerskwekerij yn Grins.

Yn in kas yn Grins wurdt seegers kweekt - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dy gruttere skaal is nedich omdat grut seegers dat sa no en dan boppe wetter komt, nei ien jier dea giet. It sied dat dêr ôfset, moat dan wer foar in nije generaasje soargje. Dat makket it wol wat kwetsberder foar bygelyks in hjitte simmer of in kâlde winter.

Mei dêrom wurdt der ek sjoen nei lyts seegers. Dat bliuwt gewoan yn libben en hat dat probleem net. Dêrfoar jildt wol dat it sied folle dreger te finen is yn it wyld, om te plantsjen. Dit jier is der wol wat fan dat sied by Gryn yn de boaiem pleatst en ek dat docht it goed.

(advertinsje)
(advertinsje)