Sanne en Lieke Wevers yn foarseleksje WK turnjen

Bûnscoach Gerben Wiersma hat acht turnsters opnaam yn syn foarseleksje foar it WK yn Stuttgart yn oktober. Hjirby sitte ek de Ljouwerter Lieke en Sanne Wevers.
© www.orange-pictures.nl
De froulju dogge ein augustus en yn septimber mei oan WK kwalifikaasjewedstriden op It Hearrenfean. Op basis fan de prestaasjes by dizze wedstriden sil de definitive seleksje foar it WK makke wurde. Oranje moat yn Stuttgart by de top tolve einigje om in Olympysk teamticket foar Tokyo 2020 feilich te stellen.