IFKS: Osinga, De Vos, Van der Weiden, Tjoelker en Brouwer pakke winst

16 aug 2019 - 20:29

Spanning en kampioenen, sa is de wedstriiddei fan de IFKS fan freed it bêste gear te fetsjen. Wylst der yn de Lytse-A en yn de B-klasse al kampioenen bekend binne, is it yn de oare klassen krekt tige spannend. De winst freed gie yn de Grutte-A nei Eelkje II en De Jonge Jasper. Yn de Lytse-A wie it De Reuzen dy't der mei de winst fan tusken gie. De Sterke Jerke wie de winner yn de B-klasse, wylst der yn de C-klasse wûn waard troch De Drie Gebroeders.

Foto: Omrop Fryslân

Feest foar twa skûtsjes

Eelkje II en De Jonge Jasper mochten freed yn de Grutte A beide in feestje fiere om't se de wedstriid wûn hiene. Skipper Jeroen de Vos wie yn de earste wedstriid de rapste, wylst skipper Froukje Osinga der mei de winst yn de ynhelwedstriid fan tusken gie.

Dit betsjut dat De Vos, Sikke Heerschop foarby is yn it klassemint. It wurdt noch in spannende striid dit wykein, om te sjen wa't der mei de winst yn dizze klasse fan tusken giet.

Protest

Tony Brundel hie noch in protest rinnen tsjin Floriaan Zwart, en wint dit protest ek. Wêrtroch't Zwart út de útslach weifalt, en de oare skûtsjes allegearre ien plakje omheech skowe.

Utslach Grutte-A (foar it protest fan Zwart)

No Zeilno Naam Punten 6
1 104 Jeroen de Vos 0,9 1
2 114 Ulbe Zwaga 2,0 2
3 105 Merijn Olsthoorn 3,0 3
4 113 Floriaan Zwart 4,0 4
5 108 Froukje Osinga 5,0 5
6 106 Arjen de Jong 6,0 6
7 102 Walter de Vries 7,0 7
8 107 Geale Tadema 8,0 8
9 112 Gerrit Huisman 9,0 9
10 110 Tony Brundel 10,0 10
11 111 Jaap Hofstee 11,0 11
12 115 Wytse Heerschop 12,0 12
13 103 Klaas Kuperus 13,0 13
14 109 Jilles Bandstra 14,0 14
15 101 Ron Syperda 15,0 15
16 116 Sikke Heerschop 17,0 dns

Utslach Gruttte-A Lemmer (ynhelwedstryd)

No Zeilno Naam Punten 3
1 108 Froukje Osinga 0,9 1
2 114 Ulbe Zwaga 2,0 2
3 104 Jeroen de Vos 3,0 3
4 110 Tony Brundel 4,0 4
5 102 Walter de Vries 5,0 5
6 106 Arjen de Jong 6,0 6
7 116 Sikke Heerschop 7,0 7
8 107 Geale Tadema 8,0 8
9 111 Jaap Hofstee 9,0 9
10 115 Wytse Heerschop 10,0 10
11 113 Floriaan Zwart 11,0 11
12 103 Klaas Kuperus 12,0 12
13 101 Ron Syperda 13,0 13
14 112 Gerrit Huisman 14,0 14
15 109 Jilles Bandstra 15,0 15
16 105 Merijn Olsthoorn 16,0 16

Klassemint Grutte-A

No Zeilno Naam Punten 1 2 3 4 5 6
1 104 Jeroen de Vos 16,9 2 5 3 (6) 6 1
2 116 Sikke Heerschop 20,9 3 1 7 3 7 (dns)
3 114 Ulbe Zwaga 22,8 (dnf) dsq 2 1 1 2
4 108 Froukje Osinga 22,9 10 2 1 5 (11) 5
5 102 Walter de Vries 27,0 4 7 5 4 (4) 7
6 107 Geale Tadema 30,9 1 6 8 8 (dsq) 8
7 113 Floriaan Zwart 32,0 5 10 (11) 11 2 4
8 110 Tony Brundel 33,0 (15) 4 4 10 5 10
9 111 Jaap Hofstee 34,0 (12) 9 9 2 3 11
10 103 Klaas Kuperus 38,0 8 3 12 7 8 (13)
11 105 Merijn Olsthoorn 44,0 7 11 (16) 13 10 3
12 106 Arjen de Jong 47,0 9 12 6 14 (dsq) 6
13 115 Wytse Heerschop 53,0 11 8 10 12 (13) 12
14 112 Gerrit Huisman 53,0 13 13 (14) 9 9 9
15 109 Jilles Bandstra 61,0 6 14 15 (16) 12 14
16 101 Ron Syperda 71,0 14 (15) 13 15 14 15

Kampioen yn de Lytse-A

De Reuzen fan Andries Brouwer kamen freed as twadde oer de finish, mar helje dêrmei wol it kampioenskip binnen. De winner fan de wedstriid by De Lemmer wie De Eenlander fan Harm van der Weiden. Op it tredde plak kaam De Swanneblom fan Brandt de Vries, dy't earder dizze wike in soad ûngelokken en maleur hie. In moaie opstekker foar De Vries en syn crew.

Utslach Lytse-A

No Zeilno Naam Punten 6
1 204 Harm van der Weiden 0,9 1
2 202 Andries Brouwer 2,0 2
3 214 Brandt de Vries 3,0 3
4 215 Martijn Kleintjens 4,0 4
5 208 Henk Frankena 5,0 5
6 207 Chris van den Berg 6,0 6
7 217 Sander Meeter 7,0 7
8 213 Sikke Tichelaar 8,0 8
9 201 Age Bandstra 9,0 9
10 211 Herke Boskma 10,0 10
11 216 Pieter Jansma 11,0 11
12 218 Tsjibbe van der Veer 12,0 12
13 209 Bernd de Cneudt 13,0 13
14 203 Hans Brakkee 14,0 14
15 212 Jochem van der Vaart 15,0 15
16 210 Geale Postma 16,0 16
17 206 Koos van Drunen 17,0 17
18 205 Johannes de Vries 19,0 dns

Klassemint Lytse-A

No Zeilno Naam Punten 1 2 3 4 5 6
1 202 Andries Brouwer 5,6 1 (2) 1 1 1 2
2 204 Harm van der Weiden 13,9 (dsq) 3 5 3 2 1
3 208 Henk Frankena 20,0 2 6 (8) 4 3 5
4 215 Martijn Kleintjens 24,0 7 5 3 5 (11) 4
5 201 Age Bandstra 26,9 (dsq) 1 2 6 9 9
6 218 Tsjibbe van der Veer 30,0 3 7 7 9 4 (12)
7 216 Pieter Jansma 33,0 4 4 4 10 (dnf) 11
8 217 Sander Meeter 37,0 (dsq) 10 9 2 6 7
9 214 Brandt de Vries 38,0 5 13 12 (dns) 5 3
10 213 Sikke Tichelaar 41,0 dnf 12 6 7 (13) 8
11 207 Chris van den Berg 46,0 (dns) 14 11 8 7 6
12 210 Geale Postma 55,0 (dns) 8 10 11 10 16
13 211 Herke Boskma 56,0 (dns) 9 16 13 8 10
14 205 Johannes de Vries 69,0 (dns) 11 15 12 12 dns
15 203 Hans Brakkee 71,0 (6) 15 13 15 14 14
16 212 Jochem van der Vaart 74,0 (dns) 16 14 14 15 15
17 209 Bernd de Cneudt 84,0 (dns) dnf 17 16 dnf 13
18 206 Koos van Drunen 85,0 (dns) 17 18 17 16 17

Topper yn de B-klasse

Seis kear winst, en dat betsjut dat De Sterke Jerke fan Pieter-Jilles Tjoelker oerdúdlik de kampioen is fan de B-klasse. Hy promovearret dêrmei nei de Grutte-A. Twadde waardt hjoed De Raerder Roek fan Sijmen Kalsbeek, foar Bas Krom mei de Verwisseling.

Utslach B-Klasse

1 312 Pieter-Jilles Tjoelker 0,9 1
2 309 Sijmen Kalsbeek 2,0 2
3 314 Bas Krom 3,0 3
4 307 Erik Jonker 4,0 4
5 305 Hartman Witteveen 5,0 5
6 315 Daan van der Meer 6,0 6
7 304 Remy de Boer 7,0 7
8 310 Wietse Bandstra 8,0 8
9 308 Sietse Broersma 9,0 9
10 302 Jeroen Sijtsma 10,0 10
11 311 Koos Lamme 11,0 11
12 303 Thomas de Boer 12,0 12
13 301 Rein Wiebe Leenstra 13,0 13
14 306 Simon van der Lingen 14,0 14
15 313 Jan Overwijk 15,0 15

Klassemint B-Klasse

No Zeilno Naam Punten 1 2 3 4 5 6
1 312 Pieter-Jilles Tjoelker 4,5 (1) 1 1 1 1 1
2 309 Sijmen Kalsbeek 13,0 (9) 2 2 2 5 2
3 308 Sietse Broersma 14,0 2 3 3 4 2 (9)
4 305 Hartman Witteveen 24,0 (8) 4 6 3 6 5
5 310 Wietse Bandstra 26,0 6 5 7 5 3 (8)
6 314 Bas Krom 29,0 3 10 (13) 9 4 3
7 307 Erik Jonker 29,0 (dnf) 6 5 6 8 4
8 315 Daan van der Meer 31,0 7 7 4 7 (14) 6
9 301 Rein Wiebe Leenstra 43,0 5 8 12 8 10 (13)
10 303 Thomas de Boer 44,0 4 (12) 10 11 7 12
11 302 Jeroen Sijtsma 50,0 10 9 9 (12) 12 10
12 304 Remy de Boer 53,0 (14) 13 11 10 11 7
13 313 Jan Overwijk 54,0 13 11 8 13 9 (15)
14 306 Simon van der Lingen 66,0 11 (15) 14 14 13 14
15 311 Koos Lamme 69,0 12 14 (dnf) dns dnf 11

Spanning yn de C-klasse

Yn de C-klasse is noch gjin kampioen bekend. De Grutte Pier fan Henk Regts hat de bêste papieren hjirfoar, mar de grutste konkurrint fan Regts, Harmen Brouwer, waard hjoed krekt earste op it wetter by De Lemmer. En dus komt der in spannende einstriid.

Utslach C-klasse

No. Sylno. Namme Punten Rank.
1 404 Harmen Brouwer 0,9 1
2 409 Henk Regts 2,0 2
3 415 Tim Roosgeurius 3,0 3
4 410 Mark de Koe 4,0 4
5 407 Alisa Stekelenburg 5,0 5
6 406 Gerrit de Vries 6,0 6
7 413 Jan van der Veen 7,0 7
8 405 Kees van der Kooij 8,0 8
9 411 Paul Wassink 9,0 9
10 402 Cees Riezebos 10,0 10
11 403 Jelle Bekkema 11,0 11
12 414 Steven Zijsling 12,0 12
13 408 Bouke van der Vaart 13,0 13
14 412 Jitske Visser 14,0 14
15 401 Floris Bottema 15,0 15

Klassemint C-klasse

1 409 Henk Regts 5,6 1 1 (2) 1 1 2
2 404 Harmen Brouwer 8,8 3 2 1 2 (9) 1
3 414 Steven Zijsling 18,0 2 4 6 3 3 (12)
4 411 Paul Wassink 19,0 4 3 5 5 2 (9)
5 415 Tim Roosgeurius 21,0 (6) 6 3 4 5 3
6 410 Mark de Koe 22,0 5 5 4 (dsq) 4 4
7 413 Jan van der Veen 36,0 (dns) 9 8 6 6 7
8 406 Gerrit de Vries 38,0 7 10 (13) 8 7 6
9 402 Cees Riezebos 44,0 (dns) 8 7 11 8 10
10 407 Alisa Stekelenburg 49,0 (dns) 11 11 10 12 5
11 405 Kees van der Kooij 49,0 (dns) 14 9 7 11 8
12 403 Jelle Bekkema 50,0 8 7 12 12 (13) 11
13 408 Bouke van der Vaart 58,0 (dns) 12 14 9 10 13
14 401 Floris Bottema 66,0 9 13 15 14 (dsq) 15
15 412 Jitske Visser 66,0 (dsq) 15 10 13 14 14
Trefwurden: 
IFKS skûtsjesilen
(Advertinsje)
(Advertinsje)