H'fean en Cambuur lotsje goed

05 jul 2012 - 14:51

Sportklup Hearrenfean moat it yn de twadde ronde fan de KNVB-beker opnimme tsjin de winner fan Kozakken Boys-Alcides. Ek Sportklup Cambuur treft in amateurklup. De Ljouwerters spylje tsjin Hoogeveen of DESO.

Twa Fryske amateurklups begjinne yn de earste ronde. Sneinstopklasser Snits Wyt Swart spilet tsjin Jodan Boys út de topklasse sneon. ONS Snits hat it op papier in stik makliker: sy moatte op besite by treddeklasser Internos út Etten-Leur. Mocht ONS dy ronde oerlibje dan treffe sy profklup Excelsior út Rotterdam.

As Snits Wyt Swart de earste ronde trochkomt, treft it de winner fan de wedstriid Noordwijk-Sittard.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)