Fûgelspotters massaal nei Westhoek foar bysûndere steltrinner

Hûnderten fûgelspotters wiene freed te finen op'e seedyk by Westhoek. Dêr wie op it Waad de Alaskastrânrinner spotten, in steltrinner dy't hjir noch nea earder sjoen is.
Alaskastrânrinner
Ut it hiele lân kamen spotters om dat mei eigen eagen te besjen. Troch de klimaatferoaring wurde der hieltyd mear fûgels oantroffen dy't hjir earder eins nea kamen.
Mar neffens de spotters is de kâns dat de Alaskastrânrinner dêrby heart net grut. De measte nije fûgels komme út it suden.
De Alaskastrânrinner briedt gewoanwei yn noardlik Alaska en noardeastlik Sibearië. De kâns dat hy hjir telâne komt is lyts.
De bysûndere fûgel is troch spotters op de foto set © Wim van Zwieten